Fjirde etappe ‘Karavaan van de Vriendschap’ rydt troch gemeente Smellingerlân
Frije tiid
6 jannewaris 2022
Op freed 7 jannewaris 2022 start de fjirde etappe fan de ‘Karavaan van de Vriendschap’ en rydt dan troch de gemeente Smellingerlân. Inisjatyfnimmer Simon Vuyk wol hiel Fryslân in besite bringe mei syn bakfyts. Hy fytst mei ûnder oaren trûbadoer Bruno Rummler en dûnseressen Colinda Zandberg en Annalies Muurling elke earste freed fan de moanne troch de provinsje.
Underweis stiet freonskip sintraal. Spontane moetingen wurde ôfwiksele mei besites oan âldereinsintra, buerthuzen of lokaasjes mei bern, as antwurd op iensumheid yn de maatskippij. Ferhalen fan freonskip wurde fêstlein troch de Afûk en meinommen de wide wrâld yn. Spesjaal haakte ‘Blomkes fan de Freonskip’ wurde trochjûn.
Fan De Rottefalle nei Drachten
De fjirde etappe fan de Karavaan start freed 7 jannewaris op De Rottefalle. De Karavaan rydt dan fia De Pein nei Drachten, dêr’t boargemaster Jan Rijpstra it ‘Pakt fan de Freonskip’ ûndertekenje sil út namme fan de gemeente Smellingerlân. Yn gearwurking mei de gemeentedichter Mark Spijkers wurdt it ‘Gedicht van de Vriendschap’ foardroegen. Underweis wurde ferskate minsken ferrast mei in koarte besite fan de karavaan, mei muzyk, dûns en poëzy.