Foar alles in ferske!

Leare & ûnderwiis Oer it Frysk
22 febrewaris 2024
Op 1 maart ferskynt by Utjouwerij Afûk it nije ferskeboek ‘Foar alles in ferske!’ fan Clara Rullmann. It boek befettet tolve nije ferskes en ferhaaltsjes foar bern fan 2 o/m 6 jier. De ferskes binne makke foar gebrûk op de berne-opfang en yn de ûnderbou fan it primêr ûnderwiis, en geane oer ûnderwerpen dy’t dêr deistige praktyk binne, lykas opromjen, iten, jierdei wêzen en grutter wurden. De feestlike presintaasje fan it boek is op 29 febrewaris by ibs ’t Holdersnêst yn De Harkema.

De ferskes
Clara Rullmann skreau tolve ferskes oer ûnderwerpen dy’t ticht by de belibbingswrâld fan jonge bern steane. Pedagogysk meiwurkers en learkrêften yn de ûnderbou fan it primêr ûnderwiis hawwe meitocht oer de ûnderwerpen en de nije ferskes ek yn de praktyk úttesten. Doel wie dat de ferskes jonge bern oanmoedigje om mei te dwaan en te bewegen. Clara: “Muzyk is ûnmisber yn ’e ûntwikkeling fan jonge bern. Troch meimekoar te sjongen en te dûnsjen stimulearrest de taalûntwikkeling, en hast tagelyk in hiel soad wille!”
Njoggen bern, learlingen fan ibs ’t Holdersnêst yn De Harkema en dielnimmers oan it Berneiepenloftspul, songen de ferskes yn by Sytse Broersma fan Noorderzon Muziekproducties, ûnder lieding fan Joke Krist. De arranzjeminten fan de ferskes binne makke troch Peter van der Zwaag.


It boek
Yn it boek steane de tolve ferskes en tolve bypassende ferhaaltsjes op rym. It boek kin ûnder it sjongen en fertellen rjochtop delset wurde, sadat de bern de prachtige yllustraasjes fan Marijke Klompmaker ek besjen kinne. By alle ferskes en ferhaaltsjes wurde praat- en aktiviteitetips jûn dy’t passe by it tema. Mei in QR-koade yn it boek komst by de online lokaasje dêr’t de ferskes te belústerjen binne en ek de blêdmuzyk downloaden wurde kin. It boek is makke mei subsydzje fanút it Taalplan Frysk. Pjutte-opfanglokaasjes en learkrêften yn de ûnderbou kinne it boek fergees oanfreegje fia www.tomke.frl.


De presintaasje

Op 29 febrewaris 2024 om 13.30 oere is de presintaasje fan it nije ferskeboek ‘Foar alles in ferske!’ op ibs ’t Holdersnêst yn De Harkema. Clara Rullmann sil dêr it earste eksimplaar fan it boek yn ûntfangst nimme, tagelyk mei de bern dy’t de ferskes ynsongen hawwe. Foarôfgeand oan de presintaasje fersoargje Willy van Assen en Wytske Bouwma in clinic, dêr’t sy yn sjen litte hoe’t it boek en de ferskes ynset wurde kinne. Oare pjutte-opfanglokaasjes en skoallen koene de ôfrûne tiid al meidwaan oan in winaksje om ek sa’n clinic te bemachtigjen. Yn totaal wurde der tsien clinics weijûn.