Foarkarswurdlist fan de Fryske Akademy soe mear oandacht krije moatte

Leare & ûnderwiis Oer it Frysk
23 febrewaris 2019
Dat is de konklúzje fan it ûndersyk nei it brûken fan de foarkarswurdlist dat Renske van der Meer-Pasma dien hat. Sy die dat ûndersyk foar it fak taalkunde oan de learare-oplieding Frysk by de NHL.

It ûndersyk is dien ûnder in groep bewuste Fryskskriuwers, sa as dosinten en minsken dy’t by harren wurk faak Frysk skriuwe moatte.
It is no 4 jier lyn dat de foarkarswurdlist op taalweb.frl publisearre is en Renske wie benijd oft de list al ynboargere is yn it ûnderwiis en oare ynstellingen dy’t harren dwaande hâlde mei it Frysk.

Sy konkludearre dat de wurden fan de foarkarswurdlist noch lang net altyd akseptearre wurde troch de ‘professionals’. It soe dêrom goed wêze om de foarkarswurdlist mear ûnder de oandacht te bringen. Boppedat soenen skriuwers fan boeken en learmiddels harren oan de list hâlde moatte.

It artikel oer dit ûndersyk is te lêzen op de side fan Levende talen magazine: http://www.lt-tijdschriften.nl/ojs/index.php/ltm/issue/view/366/showToc. In reaksje op it artikel is skreaun troch Jan Beimers op itnijs.frl: https://www.itnijs.frl/2019/02/mei-inoar-de-skouders-derunder/.