Foarlêzers mei 18.500 Tomke-boekjes op ’en paad yn de Fryske Foarlêswike

Frije tiid Leare & ûnderwiis
17 Maaie 2019
Fan 3 o/m 7 juny 2019 is it wer de Fryske Foarlêswike. Dan geane rom 600 foarlêzers mei mar leafst 18.500 Tomke-boekjes op ‘en paad om rûnom yn de provinsje foar te lêzen oan goed 12.000 pjutten. It tema is dit jier ‘Belibje it mei Tomke’ oer de sintugen. De Fryske Foarlêswike wurdt organisearre troch it Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse yn gearwurking mei de Tomke-wurkgroep.

Oeral yn Fryslân wurdt yn de Foarlêswike foarlêzen yn it Frysk oan pjutten op pjutteboartersplakken, bernedeiferbliuwen en by gastâlders. Der wurdt foarlêzen troch pakes en beppes, troch heiten en memmen, mar der binne ek bekende Friezen dy’t harren ynsette foar de Fryske Foarlêswike. Yn Noardeast-Fryslân wurdt bygelyks foarlêzen troch wethâlder mefrou Pytsje de Graaf, yn gemeente De Fryske Marreb giet boargemaster Veenstra op de foarlêsstoel sitten, yn Súdwestfryslân hearre we Sander de Rouwe, Tomkeskriuwster Riemkje Pitstra jout fansels ek acte de presence en sa binne der noch folle mear. De Stellingwerven en it Bildt lêze foar út it Tomke boekje yn harren eigen taal.

De organisaasje fan it projekt wurdt droegen troch frijwilligers en kriget mei dêrtroch strukturele subsydzje fan de provinsje Fryslân en de gemeente Ljouwert.

Algemiene ynformaasje oer projekt ‘Foarlêzen yn it Frysk oan pjutten’
Bekende Friezen lêze foar yn de Foarlêswike