Foto: Istock

Friezen binne it meast grutsk op harren provinsje

Oer it Frysk
11 maart 2019
Friezen fiele harren it meast ferbûn mei harren provinsje fan alle Nederlanners. Ek binne se fan alle Nederlanners it meast grutsk op harren eigen provinsje. Dat docht bliken út in enkête, útfierd troch I&O Research yn opdracht fan de NOS en de regionale omroppen, nei oanlieding fan de Provinsjale Steateferkiezings.

As Friezen frege wurdt wêr’t sy harren it meast mei ferbûn fiele, dan seit de mearderheid op it earste plak Fryslân. Peter Kanne, meiwurker fan I&O Research, leit út: “Andere provincies, zoals Noord-Holland, Zuid-Holland en Overijssel, laten een heel ander beeld zien. In Overijssel bestaat het provinciegevoel bijna niet. Daar ben je Tukker of Sallander, maar niet Overijsselnaar.” Mear as de helte fan de Nederlanners fielt him op it earste plak ferbûn mei Nederlân. Yn Fryslân is it provinsjegefoel it sterkst fan alle provinsjes. Taal spilet derby in wichtige rol, lykas yn Seelân en Limboarch. Kanne: “Je ziet dat taal duidelijk een bindmiddel is in die regio’s.”

Lês op omropfryslan.nl it hiele artikel oer de útkomsten fan de enkête.

Yn de útstjoering fan ‘Fryslân Hjoed’ fan 11 maart ll. prate presintator Arjen de Boer der fierder oer mei ‘Fryske Flogger’ Eduard Rekker en Mirjam Vellinga fan de Afûk. Besjoch it ynterview hjir.