Foto: provinsje Fryslân

Friezen kieze bernesearje, pop en ferhalebank

Frije tiid
11 maaie 2022
De bernesearje ‘Buurman en Buurman’ yn it Frysk, bekende en besteande popnûmers oersette nei en ynsjonge yn it Frysk én in biblioteek fan Fryske ferhalen. Dy ideeën meie fan de ynwenners fan Fryslân ekstra omtinken jaan oan de Fryske taal. Mei-inoar brochten 1.382 minsken fia Stimfanfryslan.frl harren stim út op 33 ideeën. Yn de ôfrûne twa wiken koene Friezen harren stim útbringe op de trije meast oansprekkende ideeën om de Frysk taal ekstra takomst te jaan.

De trije ideeën
‘Buurman en Buurman’; in hiele generaasje is dermei opgroeid. Soe it dan net moai wêze om in folgjende generaasje te traktearjen op in ferzje yn it Frysk: Gurbe & Piebe? Ja, fûnen 232 stimmers. Ferlykber is it idee om bekende en minder bekende popnûmers om te setten nei it Frysk. Mei it idee ‘SJONG IT! Live!’ leare muzikanten it Frysk as taal te brûken en groeit it Fryske muzikale oanbod. As tredde einige it idee om Fryske ferhalen te behâlden foar de takomst. 82 Friezen fûnen it opsetten fan in digitale ‘harkspullen’ ferhalebiblioteek, de ‘ferhalebank ‘ in goed idee.

De útfiering
De yntsjinners fan de trije winnende ideeën kinne oant 15.000 euro ûntfange om harren idee noch fan ‘t jier út te fieren. De provinsje Fryslân stelt it jild beskikber. De yntsjinners soargje sels foar de útfiering. Yntsjinners fan de trije ideeën mei de measte stipe sille sels foar de ein fan it jier harren einprodukten oan de mienskip presintearje. Stim fan Fryslân sil de besikers fan it platfoarm oer de úteinlike útfiering op ’e hichte hâlde.

Stimfanfryslan.frl
De útfraach oer de Fryske taal makket diel út fan de earste proef om it platfoarm Stim fan Fryslân hinne. Dit twatalige platfoarm foar digitaal rieplachtsjen waard yn maart lansearre en kaam ta stân, nei’t yn 2019 yn de Fryske Provinsjale Steaten in moasje foar in digitaal systeem foar rieplachtsjen breed stipe waard. De proef mei it platfoarm duorret oant de simmer fan dit jier. Yn dy perioade kin it platfoarm op fersyk fan Provinsjale Steaten ek fierder ynset wurde om ynwenners te rieplachtsjen oer oare ûnderwerpen en tema’s.

Buurman & Buurman is yntsjinne troch Emiel fan de Hûnekop. Sjong it! Live! Is yntsjinne troch Anouck Veenstra fan Studio Audioshape. De ferhalebank is yntsjinne troch Meindert Tjerkstra fan ûnderwiisburo Semko fan De Jouwer.