Friezen lêze mei-inoar by ‘Mei-inoar lêze’
Mei-inoar lêze is mei-inoar genietsje fan moaie romanfragminten, pakkende ferhalen en bysûndere gedichten, en mei-inoar prate oer wat de teksten allegearre oproppe oan gedachten, gefoelens en ûnderfinings. Mei-inoar lêze is in manier om petearen op gong te bringen en persoanlike oantinkens nei boppen te heljen. Mei-inoar genietsje fan ferhalen ferriket it libben fan alle dagen.
Gjin lêsklup of boekeklup
Mei-inoar lêze is gjin klassike lêsklup of boekeklup. Elkenien kin meidwaan en tarieding of foarkennis is net nedich. De teksten wurde op it plak sels útdield en lûdop foarlêzen. De fergees tagonklike gearkomsten hawwe alle wiken of iens yn de fjirtjin dagen plak. Lêzers meie sels witte oft se der alle kearen by binne of ien of in pear kear.
Untwikkele yn Ingelân
Samenlezen, of shared reading, is ûntwikkele yn Ingelân. De Culturele Apotheek hat dizze metodyk nei Nederlân helle. Ein 2023 binne 25 lêsbegelieders út Fryslân traind om de Mei-inoar lêze-groepen te begelieden.
Tolve lokaasjes
Mei-inoar lêze set woansdei 17 jannewaris útein yn dbieb yn Ljouwert en dêrnei yn dbieb Grou, dbieb Burgum, biblioteek Drachten, biblioteek It Hearrenfean, biblioteek De Jouwer, biblioteek Harns, biblioteek Boalsert, biblioteek Wommels, húskeamerbiblioteek Holwert, boekhannel Van der Velde yn Ljouwert en by Tresoar. De gearkomsten rinne troch oant de simmerfakânsje. De data en tiden steane op www.leeuwardencityofliterature.nl/meiinoarleze. Mei-inoar lêze is ûnderdiel fan it Fries Leesoffensief.