Fryslân is ryk oan tradisjonele sporten. Sa wurdt der simmerdeis in soad keatst en fierljept, is der yn de boufak 3 wiken lang skûtsjesilen en kenne wy ek de tinksport Frysk damjen.

Keatsen

Keatsen is in balsport op gers mei twa teams fan trije minsken tsjinelkoar, wêrby’t it iene team de opslach fersoarget en it oare team weromslacht fanút it perk. Beide teams kinne punten skoare. Mei in opslachbal (in ûnderhânske slachbeweging mei de bleate hân nei it perk) kinst fuortdaalk in punt meitsje, mei in weromslach fanút it perk (boppehânsk of ûnderhânsk, meastentiids mei in keatswant) kinst troch fier te slaan (in boppeslach) ek fuortdaalk in punt skoare. Mar meastal komt de bal earne yn it spylfjild stil te lizzen, en dat betsjut in ûnbesliste slach. Dy wurdt markearre mei in houten blokje: de keats. As de teams wikselje fan funksjes, wurdt de ûnbesliste slach ferkeatst. As it team yn it perk de keats foarbyslacht, krijt it in punt, as de bal net foarby de keats komt, skoart it team oan de opslach in punt. Sjoch foar mear ynformaasje op de website fan it keatsbûn.

Fierljeppen

By it fierljeppen besiket in atleet om mei in polsstok sa fier mooglik oer in sleat te springen. Der wurdt fierljept yn wedstrydferbân yn de provinsjes Fryslân, Grinslân en Utert. Yn augustus 1767 waard de earste wedstryd fierljeppen hâlden yn Baard. Yn 1957 waard yn Winsum de earste offisjele fierljepwedstryd fan it Frysk Ljeppers Boun organisearre, ûnder auspysjes fan it Bûn fan Fryske Fûgelwachten BFVW. Mear ynformaasje op fierljeppen.frl.

Skûtsjesilen

Wedstrydsile mei frachtskippen, platboaiems dy’t begjin 20e iuw boud waarden om turf, stront en oare lading mei te ferfarren. Dat is skûtsjesilen. Yn de perioaden dat skippers net safolle te dwaan hiene, hâlden se wedstriden, om wat ekstra bûsjild mei te fertsjinjen. Tsjintwurdich is it hichtepunt fan it skûtsjesilen it SKS-kampioenskip yn de boufak. De skipper dy’t de minste punten hat oer 11 wedstriden, wurdt kampioen. It SKS-kampioenskip is sletten, der meie mar 14 skûtsjes oan meidwaan en skippers moatte út in skipperslaach komme. Dêrom is der sûnt 1982 ek it Iepen Frysk Kampioenskip Skûtsjesilen (IFKS), yn 4 klassen, dêr’t elkenien oan meidwaan mei.

Frysk damjen

Al mear as 3 iuwen wurdt der yn Fryslân damd. Foar 1900 barde dat hjir allinnich op de wize dy’t we no ûnder de namme Frysk damjen kenne. Earder waard dat ek wol ‘oer alles’ neamd, om’t der net allinnich skean mar ek rjochtút/oerdwers slein wurdt. By it Hollânsk damjen mei allinnich skean (ek wol ‘hoeksk’) slein wurde. Sûnt 1932 bestiet it Dambûn Frysk Spul en wurde der kampioenskippen yn ferskate klassen hâlden. It hichtepunt is it jierliks klupkampioenskip dat elke tredde sneon fan jannewaris ferspile wurdt yn Easterein. Sjoch foar mear ynformaasje op friesdammen.nl