Boeken en tydskriften kinst liene by de bibleteek. Rûnom yn Fryslân binne bibleteken, dus der is altyd ien by dy yn de buert. Foar bern oant en mei 17 jier is it lidmaatskip fergees, dêrnei kinst kieze út ferskate abonneminten, lykas basis, luxe of 'digital only'. Mei in abonnemint by in bibleteek yn Fryslân kinst ek as gast liene bij alle oare bibleteken yn Nederlân.

Sjoch op de sites hjirûnder foar in bibleteek by dy yn de buert:
de Bibliotheek Noord Fryslân
de Bibliotheek Drachten | Smallingerland
de Bibliotheek Zuidoost Fryslân
dBieb Midden Fryslân
de Bibliotheek Mar en Fean

FERS is de serviceorganisaasje en ynnovative partner fan de Fryske bibleteken.