Yn Fryslân binne ferskate útjouwers dy't harren talein hawwe op it útjaan fan Fryske fiksje en non-fiksje. Printeboeken, romans en dichtbondels mar ek boeken oer Fryslân, skiednis en taal, en tydskriften. Yn sawat alle boekwinkels yn Fryslân fynst ek Frysktalige boeken.

De Afûk is útjouwer fan in ferskaat oan boeken en tydskriften foar bern en folwoeksenen en hat boppedat in spesjalisearre Fryske boekhannel yn Ljouwert: Afûk Fryske boek- en kadowinkel. Dêr fynst njonken de útjeften fan útjouwerij Afûk ek alle útjeften yn en/of oer it Frysk en Fryslân fan kollega-útjouwers. Do fynst de Afûk Fryske boek- en kadowinkel oan de Bûterhoeke 3 yn Ljouwert.  Of winkelje op alle oeren fan de dei yn de websjop.

Hjir fynst alle Fryske útjouwerijen op in rychje.