De Afûk is útjouwer fan it twatalige tydskrift heit&mem. Dêrnjonken ferskine noch in tal nijsgjirrige tydskriften op de Fryske merk.

Foar jonge heiten en memmen is der it tydskrift heit&mem. Yn dat tydskrift fynst ynformative artikels, persoanlike ynterviews en ynspirearjende tips oer bygelyks it meartalich grutbringen fan de bern. Elk jier ferskynt der ek in spesjale lytse heit&mem yn it Taalkado, dat alle poppen krije as se oanjûn wurde by de boargerlike stân. Oan it tydskrift is ek in website keppele en fansels is heit&mem ek aktyf op de ferskate social media. Sykje en folgje heit&mem op Facebook, Instagram, Pinterest en YouTube.

It algemien-kultureel opinyblêd de Moanne ferskynt sân kear jiers en is nijsgjirrich foar elkenien dy’t fan keunst en kultuer hâldt.

Ek nijsgjirrich en sawol digitaal as yn print: Ensafh, Frysk literêr tydskrift.