De minsken fan de Praat mar Frysk-kampanje fersoargje tongersdeitemiddeis om plusminus 15.10 oere it taalpraatsje yn it radioprogramma Goeiemiddei op Omrop Fryslân.

Yn it taalpraatsje wurdt in tal aktiviteiten, produkten, tsjinsten of ynteressante ‘weetjes’ besprutsen dy’t te krijen hawwe mei taal yn it algemien en it Frysk yn it bysûnder. Sa is der bygelyks op de earste tongersdei fan de moanne tiid foar in bysûnder of fergetten Frysk wurd. Wat bestjut it wurd? Hoe waard of wurdt it brûkt? Wêr komt it wei? Brûke wy no oare wurden en kinne wy dit wurd miskien wer op ‘e nij yntrodusearje? Nijsgjirrich nei de wurden dy’t al behannele binne? Sjoch dan op ús side ‘fergetten wurden‘.