Gedicht ‘Wat ik zocht vloeit hier langs je voeten’ – Maida Robert

Frysk strângedicht socht foar de Vliehors Expres

Frije tiid Oer it Frysk
3 maaie 2023
Al tweintich jier rydt de Vliehors Expres de moaiste dichtrigels út oer it strân fan Flylân. Alle jierren wurdt der in wedstriid útskreaun foar nije dichtrigels. Ljouwert UNESCO City of Literature ropt no tegearre mei de Vliehors Expres op ta it ynstjoeren fan in nij Frysk strângedicht foar op de Vliehors Expres.

Alle jierren komt der in nij gedicht op de bannen fan De Vliehors Expres. Mar noch net earder wie dat gedicht Frysk. Nei tweintich jier is it no safier. Fryske strângedichten kinne no ynstjoerd wurde.

Betingsten:
– It maksimum oantal dichtrigels is 2
– De dichtrigels moatte yn it Frysk of in Fryske streektaal oanlevere wurde
– De dichtrigels hawwe in link mei de see, it strân en/of it libben op it eilân
– Beide dichtrigels binne net langer as 56 tekens, ynklusyf spaasjes en ynterpunksje
– De folsleine lingte fan de tekst is maksimaal 112 tekens, ynklusyf spaasjes en ynterpunksje
– De dichtrigels wurde oanlevere mei it formulier op de website, mei dêrby auteursnamme en kontaktgegevens
– Ynstjoerders meie mear as ien kear ynstjoere

Ynstjoere
Ynstjoere kin o/m woansdei 31 maaie 2023 mei it formulier op de website fan Ljouwert City of Literature.
De ynstjoerings wurde troch in sjuery fan meiwurkers fan de Vliehors Expres en Leeuwarden UNESCO City of Literature beoardiele. De winner krijt yn juny berjocht. De selektrearre dichtrigels wurde op de Vliehors Expres oanbrocht sadra’t dy ta is oan nije bannen. Oer de útslach kin net korrespondearre wurde.