Fryske Boekewike 2023
Anita Terpstra (Hallum, 1974) skreau dit jier it Kadoboek foar de Fryske Boekewike. Ferline jier ferskynde fan har it famyljeportret ‘Al mijn moeders’, in konfrontearjende oade oan sân generaasjes froulju fan De Harkema. Yn de Fryske Boekewike jout de skriuwer op ferskate plakken yn de provinsje lêzingen oer har boeken en yn it bysûnder it Kadoboek.
Kadoboek ‘Hiltje yn Pella’
Hiltje Aukes Sipma út Boarnwert emigrearre yn 1847 mei har man en harren seis bern nei Amearika. De hoop op in better libben, yn ekonomysk en religieus opsicht, dreau it pear nei it lân fan de ûnbegrinze mooglikheden. Yn de steat Iowa stichten se, mei achthûndert oare Nederlanners, it stedsje Pella.
Fergees troch Fryslân reizgje op fertoan fan it Kadoboek
Op snein 12 novimber kinne jo op fertoan fan it Kadoboek – mei in koartingskoade fia de Boekewikewebside fan Arriva – fergees reizgje yn de bussen en de treinen fan Arriva yn Fryslân. Mear ynformaasje oer de betingsten en de koartingskoade is te finen fia: arriva.nl/boekewike.
Boeken fan Fryslân
De Fryske Boekewike wurdt organisearre troch Boeken fan Fryslân. Boeken fan Fryslân set him yn foar de lês- en ferkeapbefoardering fan it Fryske boek en docht dat troch it opsetten fan kampanjes, it organisearjen fan gearwurkingsaktiviteiten en mei projekten lykas de Fryske Boekewike, de Berneboeke-ambassadeur, de Sutelaksje en Dichter fan Fryslân. Mear ynformaasje oer Boeken fan Fryslân op boekenfanfryslan.frl.
Boeken fan Fryslân – foar útjouwers, skriuwers, lêzers en boekferkeapers.