Fryske dichtrigels Silke van der Land wurde útriden oer strân Flylân

Frije tiid Oer it Frysk
16 juny 2023
"In moaie, rûne skulp fertelt my in ferhaal De see flústeret yn myn ear, in berjocht yn eltse taal" Dizze dichtrigels fan Silke Fardou van der Land (2001) binne út mear as 90 ynstjoerings keazen nei in oprop foar in nij Frysk strângedicht foar op de Vliehors Expres op Flylân.

Silke van der Land is grutsk dat har dichtrigels keazen binne: “Dit is echt top! Ik bin hiel bliid. Fan jongs ôf oan kom ik al op Flylân en ik bin foar myn stúdzje Nederlânsk in soad dwaande mei taal, dus dizze opdracht past echt by my. It wie in moaie útdaging om, mei de see as ûnderwerp, der yn in koarte tekst wat universeels fan te meitsjen. De taal fan de see is de taal fan elkenien. En ik tink dat dat wol út myn dichtrigels sprekt.”

Al tweintich jier rydt de Vliehors Expres de moaiste dichtrigels út oer it strân fan Flylân. Alle jierren wurdt der in wedstriid útskreaun foar nije dichtrigels. Yn gearwurking mei Ljouwert UNESCO City of Literature en de Praat mar Frysk-kampanje fan de Afûk is der dit jier foar it earst in oprop dien foar Frysktalige dichtrigels. De dichtrigels fan Silke van der Land wurde op de Vliehors Expres oanbrocht sadree’t dy ta is oan nije bannen.