Fryske film Bartele Bûse yn premjêre op Cinekid Festival

Frije tiid
16 oktober 2023
De film Bartele Bûse fan Omrop Fryslân Tsjil giet yn premjêre op it Cinekid Festival yn Amsterdam, it grutste film- en mediafestival foar bern yn de wrâld. It is foar it earst dat in Fryske fiksjefilm fertoand wurdt by Cinekid.

De ôfrûne moannen is der op de Omrop Fryslân Tsjil-redaksje hurd wurke oan de koarte film ‘Bartele Bûse en de kaam fan Juffer Lize’. It ferhaal komt út ien fan de klassikers fan de Fryske berneliteratuer: Bartele Bûse fan Berber van der Geest. De regisseur fan de film, Halbe Piter Claus is tige bliid mei de wurdearring: “Dat ús earste Frysktalige bernefilm daliks sa’n grut berik hat is fantastysk en soarget foar mear omtinken foar it Frysk en lêzen yn it algemien.”

Filmfestivals
Bartele Bûse is talitten op it Cinekid Festival yn Amsterdam en sil dêr op tongersdei 26 oktober offisjeel yn premjêre gean. Dêrneist is der ek ynternasjonaal omtinken foar de film mei fertoaningen op it KIDS FIRST! Film Festival yn New Mexico en it Universal Kids Film Festival yn Turkije. Bartele Bûse sil ek te sjen wêze op it Noordelijk Film Festival yn Ljouwert (8-12 novimber 2023).

Bartele Bûse
Wannear’t in magyske kaam yn ‘e hannen falt fan de behelpsume kapperssoan Bartele, groeit it hier fan alle klanten op magyske wize fan de iene op de oare dei. Mar as de situaasje út de hân driget te rinnen fanwege de habsucht fan syn heit, hat Bartele de help fan in tovener nedich om de magyske kwestje op te lossen.

De film Bartele Bûse is yn de krystfakânsje te sjen by Omrop Fryslân en fan 1 jannewaris ôf op Omropfryslan.nl/tsjil om te brûken yn it ûnderwiis.