Fyfde etappe ‘Karavaan van de Vriendschap’ rydt troch gemeente Opsterlân
Oer de Karavaan van de Vriendschap
Inisjatyfnimmer Simon Vuyk wol hiel Fryslân in besite bringe mei syn bakfyts. Hy fytst mei ûnder oare trûbadoer Bruno Rummler en dûnseressen Colinda Zandberg en Annalies Muurling elke earste freed fan de moanne troch de provinsje. Underweis stiet freonskip sintraal. Spontane moetingen wurde ôfwiksele mei besites oan âldereinsintra, buerthuzen of lokaasjes mei bern, as antwurd op iensumheid yn de maatskippij. Ferhalen fan freonskip wurde fêstlein troch de Afûk en meinommen de wide wrâld yn. Spesjaal haakte Blomkes fan de Freonskip wurde trochjûn.