Geart Tigchelaar is de nije Streekdichter fan Noardeast-Fryslân
Mei it ‘merkgedicht’ wol streekdichter Geart Tigchelaar op in orizjinele wize poëzy ûnder de oandacht bringe. Hy kriget dêrfoar stipe fan Ljouwert City of Literature. Woansdei 27 jannewaris ll. begûn Tigchelaar mei in gedicht fan himsels dat hy foar de Poëzywike 2021 skreau ûnder it tema ‘mei-inoar’.
Lês mear oer Geart Tigchelaar
Lês it gedicht yn de Dockumer Courant
Folgje Geart op Instagram
Geart Tigchelaar is oan de Afûk ferbûn as lesjouwer en skriuwer. Begjin maart ferskynt by útjouwerij Afûk syn nije psychologyske fytsroman ‘OM’.
Op ‘e hichte bliuwe fan projekten en aktiviteiten fan Ljouwert City of Literature? Meld dy oan foar de nijsbrief.