Iepen hûs: Afûk docht mei oan Uit in Huis

Frije tiid Oer it Frysk
2 septimber 2019
De Afûk lit by Uit in Huis sjen wat sy yn ’e hûs hawwe. Snein 8 septimber dogge meardere kulturele organisaasjes yn Ljouwert mei oan Uit in Huis. De Afûk winkel is de hiele middei iepen foar it publyk. Dêrneist binne der spultsjes foar de bern, in scrabble yn it Frysk, boeken foar in lyts pryske en fansels is Tomke der om mei elkenien op ’e foto te gean.

Ek oare kulturele organiaasjes lykas De Harmonie, Tresoar en HCL stelle op sneintemiddei 8 septimber harren “hûs” iepen foar it publyk. Tusken 13.00 en 17.00 oere is elkenien wolkom.