Iepenloftspul Burgum spilet yn 2024 ‘Kening & Kening’
It ferhaal
It ferhaal wurdt bewurke ta in iepenloftspul troch regisseur Theo Smedes. It ferhaal giet oer in keninginne dy’t eins wol mei pensjoen wol. Mar har soan de prins is noch net troud en hy hat ek noch gjin partner. Der komme allegearre prinsessen op sicht, dêr’t de prins ien fan útsykje kin. Soe der in geskikte by sitte? As falt de prins net op froulju?
Lokaasje
Der is in prachtich plakje fûn by de Engie Sintrale Burgum. Dêr leit in lyts keninkrykje ferskûle oan de râne fan de Burgumer Mar.
Spyldata
Fan 23 maaie oant en mei 1 juny 2024. De audysjes wurde holden ein septimber 2023. Mear ynformaasje hjiroer is te finen op de webside www.iepenloftspul.nl.