Fryske boeken by Superrr Aldeboarn, foto: Boeken fan Fryslân

In Frysk boek by de boadskippen

Boeken fan Fryslan Frije tiid
19 juny 2020
Boeken keapest al lang net mear allinne yn in boekwinkel. In soad supermerken bygelyks, hawwe - neist strips en tydskriften - ek in beheind oanbod oan boeken. Njonken it Nederlânsktalige oanbod stelt Boeken fan Fryslân supermerken, mar ek oare winkels, no yn de gelegenheid om ek Fryske boeken oan it assortimint ta te foegjen. Ferskate Fryske supermerken en in tal VVV's  hawwe ûnderwilens in 'display' mei in moaie seleksje Fryske (berne)boeken yn de winkel stean.

De saneamde ‘boekedisplays’ fan Boeken fan Fryslân fynst hjir:
Superrr Aldeboarn, Superrr Wurdum, Superrr Top en Twel, Superrr Eastersee, Alles ûnder ien dak Burgum, VVV Anjum, VVV Earnewâld, Coop Holwert, Jumbo St. Nyk (fan freed 19 juny ôf), Coop Nijhoarne en Novy Joustra Aldtsjerk.

Hasto in winkel en soe sa’n moai rek mei Fryske boeken dêr ek net misstean? Nim foar mear ynformaasje kontakt op mei Ida Heddema fan de Afûk/Boeken fan Fryslân, 058-2343070 of ida.heddema@afuk.frl.

Boeken fan Fryslân is in promoasjekampanje foar alle Fryske skriuwers en útjouwers, mei as doel om mear minsken Fryske boeken lêze te litten. Sjoch ek www.boekenfanfryslan.frl.