In memoriam Baukje Wytsma (1946-2022)
Utjouwer Ernst Bruinsma: ‘Baukje wie in dierbere freondinne en boppedat immen dy’t my ein jierren njoggentich yntroduseard hat yn de Fryske literatuer. Wy hawwe as persoanlike freonen in soad dield, dat bliuwt altyd ticht by my. Har unike lûd, har rike Fryske taalgefoel en in altyd wat mankelyk libbensgefoel lizze gelokkich ek fêstlein yn tsientallen boeken. En aldergelokst stiet der noch in soad nij wurk fan har op priemmen. Fan ’t simmer hawwe Baukje en ik tegearre wurke oan in blomlêzing fan al har gedichten. Ik moat der no fuortendaalks oan tinke dat se my yn de waarmte fan har tún tabetroude dat se it gefoel hie dat der net folle nije gedichten mear by komme soenen.’
De blomlêzing hat de titel Fan it libben dat komme soe krigen. Yn de twadde helte fan 2023 ferskynt Baukje Wytsma har oersetting fan it boek De jongen, de mol, de vis en het paard. Ernst Bruinsma: ‘In pear dagen lyn joech se noch waarme wurden oan dy oersetting mei: ‘Minsken sille it moai fine dat it no ek yn it Frysk ferskynt. It boekje bliuwt mar op de toplisten stean, sa lang al, dat seit wol wat hear. It is ek in hiel bysûnder boekje datst wol graach by dy hâlde wolst, ek omt it sa leaf is, sa moai en sa posityf. Al is it ek in puinhoop yn de wrâld dizze tiid, de measte minsken wolle wol graach yn goedens en dat gefoel wurdt oansprutsen.’
FAN IT LIBBEN DAT KOMME SOE
Jong wiene sy, mei laitsjende berne-eagen,
har dreamen tipten oer it wetter,
rekken kant noch wâl.
Yn d’iere moarntiid
fjouweren se op swarte hynsten
troch de moarnsstilte.
De huzen leine as sûkerhuodsjes oan ’e kym,
grien wie de wrâld, grien en wiet.
Under heimsinnige beammen yn bêden fan piipkrûd
makken se prinsen en prinsessen fan mekoar,
kipen troch kanten walen fan bloeiselwyt, of
flochten keningskroanen fan farske snilen
ûnder in fochtich tek fan jong en bûchsum hout.
Under har de rook fan ierde, boppe har de waarme sinne.
En alles wûn oan, wie taastber.
Fier fuort, dêr’t de memmen wekker waarden
riisden de dagen op as muorren, mânselheech,
boud fan de wurden wurk en wurch.
Wêr wiene de heiten dy’t bûnte draken
boppe de wolken fleane lieten, dy’t wyld en
fûleinich libben of wurden fûnen fan treast?
Wisten sy noch fan waarm lokjende roazemûlen,
fan ’t glinsterjende wetter
dat as pearels út it kûltsje fan de nâle springe koe,
fan ’t djippe langstme nei it hymjend wekker wurden
fan de dagen? Hiene sy har herten ea ûnderdompele
yn itselde bloedread?