Foto: provinsje Fryslân

Inisjatyfrike Friezen mei goede projektideeën socht

Frije tiid
5 jannewaris 2023
Friezen mei in goed idee om de leefberens yn harren doarp, stêd of op harren eilân te ferbetterjen, kinne fan 16 jannewaris oant en mei 2 febrewaris 2023 wer subsydzje út it Iepen Mienskipsfûns oanfreegje. Der is foar dizze earste iepenstelling foar hiel Fryslân 1,2 miljoen euro beskikber.

In wichtich útgongspunt is, dat ynwenners sels útmeitsje wat wichtich is foar de leefberens yn harren gebiet en ek de projekten opsette. Om ynspiraasje op te dwaan kinne inisjatyfnimmers sjen op de “Projektekaart” op de webside fan Streekwurk (Projektekaart – Streekwurk). In ûnôfhinklike advyskommisje beslút hokker projekten foar IMF-subsydzje yn oanmerking komme. Dizze kommisje, mei belutsen ynwenners út de regio, beoardielet de plannen op: draachflak, kontinuïteit, gearwurking, empowerment, ekology en taal.

Ekstra subsydzje tema ‘Frijheid’
Dêrneist is der yn dizze subsydzje-omgong 75.000 euro ekstra beskikber steld foar it fieren fan de frijheid. Aktiviteiten lykas bygelyks 4 maaie betinkingen, 5 maaie fieringen, Keti koti, Leaver dea as Slaef, komme dêrfoar yn oanmerking. De eksakte betingsten steane op www.fryslan.frl/imf. De plannen wurde beoardiele op basis fan de neikommende kritearia: it fergrutsjen fan bewustwurding frijheid, draachflak, gearwurking, jongerein en duorsumens. Der kin maksimaal 5000 euro it inisjatyf oanfrege wurde.

Streekwurk
De projektadviseurs fan Streekwurk sjogge oft in idee yn oanmerking komt foar subsydzje en helpe by de oanfraach. By de fiif streekkantoaren, ferspraat oer de provinsje, kinne inisjatyfnimmers terjochte foar ynformaasje, stipe en antwurd op harren fragen. Mear ynformaasje oer it Iepen Mienskipsfûns en de kontaktgegevens fan de streekkantoaren binne te finen op www.streekwurk.frl.