Instore concerttour WIEBE

Boeken fan Fryslan Frije tiid
21 oktober 2019
Op sneon 26 oktober toert de band WIEBE lâns ferskate boekhannels om harren nije album ‘Y’ te promoatsjen. Op dy saneamde instore concerttour is de band op mar leafst fiif ferskillende lokaasjes te sjen en te hearren en fansels is der gelegenheid om it album sinjearje te litten. De dei begjint om 11.00 oere yn Grins by boekhannel Van der Velde. Dêrnei folgje optredens by boekhannel Binnert Overdiep op It Hearrenfean, boekhannel Van der Velde yn Snits, boekhannel Van der Velde yn Ljouwert en Boekhandel Burgum yn Burgum.

It nije album ‘Y’ is mear as allinne in album mei muzyk. It sit nammentlik yn in bysûnder ûntwurpen doaze mei dêryn ek in oantekeningeboekje oer it skriuwproses, boekjes mei teksten en blêdmuzyk en noch wat yntime eleminten, dy’t mei-inoar de nijste cd fan WIEBE ta in bysûnder gehiel meitsje. Op it album spilet ek it Frysk Jeugd Orkest en strykkwartet Regina Forte mei.

It begûn allegear twa jier lyn, doe’t sjonger Wiebe Kaspers te krijen krige mei leafdesfertriet. Syn relaasje gie nei in lange tiid ynienen út. “As artyst, mar benammen as persoan woe ik wat mei dat fertriet. Om foarút te kommen en te ferwurkjen mei muzyk. Dat proses is no fertaald yn dit album en dêr binne wy hartstikke grutsk op”, sa seit Kaspers.

Foar de Afûk is it ek hiel wat nijs, lit útjouwer Ernst Bruinsma witte: “De útjouwerij fan de Afûk is in fêste wearde yn it literêre lânskip fan Fryslân. Mar sa no en dan besykje wy te eksperimintearjen mei nije foarmen. Dizze cd mei tekstboek fan Wiebe Kaspers en syn band, yn in skitterjende foarmjouwing fan Peter Boersma, is sa’n eksperimint. In ynspiraasje foar minsken dy’t graach Frysk lêze.”

Bestel ‘Y’ yn ús websjop!