Is de kuolkastdoar wol ticht?

Frije tiid
14 maart 2022
Superleuke posters mei dito teksten yn dito kleuren. Hielendal fergees foar dy fan Praat mar Frysk. Om op te hingjen yn dyn keamer, keuken, gong of húske. Of foar it rút. Yn de keet. Op dyn kantoar. Yn de karavan. De mancave. Boppe it sikehûsbêd. Op skoalle. Of hiel ergens oars. Om kado te dwaan, op te stjoeren, dysels of in oar in plezier mei te dwaan, sterkte ta te winskjen en noch folle mear.

De posters fan Praat mar Frysk bestelst fergees yn de Praat mar Frysk websjop. Poster te plak? Diel in foto fia dyn socials mei #praatmarfrysk. Meie we wol oer.