It ‘fergetten wurd’ fan tongersdei 22 septimber is ‘sibbe’
Betsjutting
Sib: ferwant, neiste famylje. (Sibbe famylje). Troch freonskip of leafde ferbûn. In sibbe freon is in hiele goeie freon.
Sibbe: alle troch bloed ferbûne leden fan ien famylje mei-inoar; immen út ‘e selde famylje; neibesteande.
Oersetting
Bloedverwant, familie, sibbe, familielid, nabestaande.
Besibbe wêze oan: verwant zijn met.
Wêr komt it wei?
Sib en sibbe binne âldfryske wurden. De wurden komme ek yn oare Germaanske talen foar, lykas yn it Dútsk, Nederlânsk, Noarsk en Ingelsk. Tink dêrby benammen ek oan it Ingelske ‘sibling’. De oarsprong fan de betsjutting leit nei alle gedachten by ‘leaf’, ‘gelok’, ‘freonskip’, ‘leafde’. Ferbining fiele dus. Grappich is dat ek it Ingelske wurd ‘gossip’ hjir syn oarsprong fynt. Dat wie ynearsten ‘Godsib’, in ‘peetheit of -mem’. Letter is de betsjutting ferskood nei goeie kunde, freonen of buorlju yn it algemien en dan benammen yn de betsjutting fan froulju dy’t oanwêzich binne by in befalling. Fan dêrút is de betsjutting wer ferskood nei ‘rabje’ (roddelen).
Yn it Ingelsk wurdt ‘sibling’ gewoan brûkt, it is dêr yn 1903 op ‘e nij yntrodusearre, mar yn it Frysk en it Nederlânsk is it dochs wol fuortsakke. It soe moai wêze as it hjir ek wer nij libben yn blaasd wurdt, want it is ek in moai neutraal wurd om dyn bruorren en susters mei oan te tsjutten ek as dy bygelyks genderneutraal of genderfluide binne.
Mear fergetten wurden
Tongersdei 20 oktober is der wer in ‘fergetten wurd’. Stim om plm. 15.10 oere ôf op Omrop Fryslân en harkje nei it programma ‘Goeiemiddei‘. Sjoch hjir foar mear ‘fergetten wurden’.