It belang fan it Frysk yn de bou

Leare & ûnderwiis Oer it Frysk Op it wurk
10 juny 2020
Yn it magazine Ondernemend Friesland fynst yn de edysje fan juny 2020 in moai artikel oer it belang fan de Fryske taal yn de bou. Mei it Frysk stiest tichter by de klant.

Yn de bou soarget it brûken fan de Fryske taal foar ûnderling fertrouwen en ferbining. Dat docht bliken út petearen mei ferskillende belutsenen dy’t wurkje yn de sektor. Foar ROC Friese Poort is it oanlieding om mear omtinken te jaan oan it Frysk yn it beropsûnderwiis. Lês it artikel online fia Ondernemend Friesland editie 2 juni 2020 by OF BV – Issuu (side 50-51).