Foto: Douwe Jense

Janny van der Molen praat mei bern út Reduzum oer Reade Geartsje

Boeken fan Fryslan Leare & ûnderwiis
7 oktober 2019
De lytse wente dêr’t se mei har âlden yn Reduzum wenne, stiet der net mear. Har namme wie eins al fergetten. Mar sûnt it okkerdeis ferskinen fan it twatalige It Deiboek fan skriuwster Janny van der Molen komt Redúster Geertje Kleefstra wer ta libben. 

Op tongersdei 10 oktober hearre de bern fan de groepen 7 en 8 fan de Trije Doarpen Skoalle fan Reduzum yn dbieb yn Ljouwert mear oer dy fergetten doarpsgenoat, dy’t har al jong ynsette foar in better libben foar arbeiders én foar froulju. Ek bringt skriuwster Janny van der Molen mei de bern in besite oan de Blokhúspoarte, dêr’t Geertje Kleefstra yn de winter fan 1895 in moanne lang finzen siet. Dy selstraf moast se útsitte om’t se in sosjalistysk krantsje ferkocht hie mei dêryn in beledigjend artikel oer de boargemaster fan Arnhem. Letter soe se it lân ûntflechtsje om foar te kommen dat se foar de twadde kear nei de finzenis moast fanwegen in belediging.

Neat gjin frijheid fan mieningsutering dus! Wat fine de bern dêrfan? Wêr gie dy striid doe eins oer? Wêrfoar binne bern hjoed-de-dei ree om te fjochtsjen? En is Geertje no in heldin of net?

Mear witte oer it boek? Sjoch op www.jannyvandermolen.nl.

Boekgegevens
It deiboek − ús reade striid (notysjes fan Jehannes de Groot)
Auteur: Janny van der Molen
Utfiering: paperback
Ferkeappriis: € 16,50
ISBN: 9789493159068
Siden: 188
Leeftiid: 10+