KfdK Arno Brok nimt printeboek Kening & Kening yn ûntfangst op Falentynsdei
It boek, dat al yn tolve talen ferskynd is, komt no foar de twadde kear yn it Frysk út, diskear yn in lytsere edysje. It earste eksimplaar fan Kening & Kening wurdt freed 14 febrewaris oanbean oan kommissaris fan de Kening Arno Brok én oan Grietje en Ellen. Dy mem & mem stienen sintraal yn de lêste heit&mem fan de Afûk en binne de âlders fan Bram en Robin.
De útrikking fan it earste eksimplaar wurdt kombinearre mei in feestlik Falentynsfeest yn de Afûk-winkel. Op it feestje binne dichters Kate Schlingemann en Jetze de Vries fan dichterskollektyf RIXT oanwêzich om minsken te helpen mei it skriuwen fan in leafdesgedicht.
De presintaasje fan Kening & Kening is freed 14 febrewaris om 16.00 oere yn de Afûk-winkel. It boek is fan freed ôf ek fysyk yn de winkel en online te keap.
Kening&Kening op skoalle
Wolsto Linda en Stern by dy op skoalle útnûgje foar in besite yn de klasse, in workshop of lêzing? Mear ynfo fynst op koningenkoning.nl.