Foto: Evelyn Bosma

Klokhuis Wetenschapsprijs foar ûndersyk nei twataligens by Fryske bern

Berneboeke-ambassadeur Boeken fan Fryslan Oer it Frysk
16 novimber 2020
Evelyn Bosma en Naomi Nota hawwe de Klokhuis Wetenschapsprijs 2020 wûn mei harren ûndersyk nei hoe't twatalige bern yn Fryslân lêze. De winner waard ôfrûne snein fia in livestream bekendmakke. Der wiene rom 60 ynstjoerings foar de priis wêrfan't úteinliks noch tsien kâns makken om te winnen. Rom 4.000 bern brochten harren stim út.

De ûndersikers lieten bern tusken de 9 en 12 jier sinnen lêze yn it Frysk en it Nederlânsk en holden mei in eye-tracker by hoe snel se liezen. It die bliken dat wurden dy’t yn it Frysk itselde binne as yn it Nederlânsk (bygelyks ‘poes’) sneller lêzen wurde dan wurden dy’t kompleet oars binne (bygelyks ‘oma’ en ‘beppe’). Yn it Nederlânsk wie dat net sa. Fryske bern brûke dus harren kennis fan de Nederlânske taal as se yn it Frysk lêze, konkludearren de ûndersikers.

It doel fan de Klokhuis Wetenschapsprijs is in jong publyk (bern fan de basisskoalle fan 9 oant 12 jier) kennis meitsje te litten mei wittenskiplik ûndersyk. Foar de winner wurdt der spesjaal in ôflevering fan Het Klokhuis makke oer it ûnderwerp fan it ûndersyk.

Evelyn Bosma is postdoktoraal ûndersiker op it mêd fan Taalwittenskip en Psycholinguïstyk. Sy promovearre yn 2017 op ûndersyk nei twataligens, wêrfoar’t se ferbûn wie oan de Fryske Akademy. Naomi Nota is promovendus yn dat ûndersyksgebiet.