Bestel ‘Dwarsliggers in Appelscha’ no mei koarting

Boeken fan Fryslan Frije tiid
24 augustus 2023
It boek Dwarsliggers in Appelscha ferskynt yn novimber 2023, mar kin no al besteld wurde foar de yntekenpriis fan € 25,-. In prachtich boek mei ferhalen en anekdoates oer dwerse minsken dy't kleur jouwe oan de skiednis fan it reade feandoarp Appelskea. In tiidsbyld dat net allinnich (âld-)Appelskeasters oansprekke sil, mar ek foar in soad minsken in feest der werkenning wêze sil.

Marianne Kootstra (1958) sketst yn fjirtich ferhalen 100 jier skiednis fan fiif generaasjes Friezen yn it feandoarp Appelskea. Oantinkens út har jeugd, ôfwiksele mei famyljeferhalen en anekdoates oer dwerse minsken fan de generaasjes foar har út de skiednis fan it ‘reade’ Appelskea.

Ferhalen oer wurkjen yn it fean, feanstakingen, ûndermyning fan it gesach, tsjinstwegerjen en oer hoe’t famyljebannen sterker wiene as ferskillen yn politike opfettingen. Oer Roel Jacobs dy’t as sekretaris fan de Sociaal Democratische Bond sekuer ferantwurde wa’t hoefolle sinten bydroech foar de stipe fan ûntsloegen stakingslieders. Oer Baukje, ien fan de staaksters dy’t wikenlang it wurk dellei omdat se itselde fertsjinje woe as wat de manlju foar dat wurk útbetelle krigen. Oer drankbestrider Sara dy’t har gasten wekt prommesap oanbea ynstee fan de buorrel dêr’t se sa’n sin oan hiene.

Ferhalen fan dwerslizzers en fan minsken dy’t mei de kop yn de wyn opkamen foar harren eigen oertsjûging. In tiidsbyld dat net allinnich (âld-)Appelskeasters oansprekke sil, mar foar in soad minsken ek in feest der werkenning wêze sil. Troch dit boek no al yn de Afûk-websjop te bestellen, kinne jo alfêst foaryntekenje.

Bestel it boek foar 10 septimber, dan krije jo it foar de yntekenpriis fan € 25,- (ynstee fan € 29,95).