Kommendeweis: de Fryske edysje fan ‘Lampje’

Berneboeke-ambassadeur Boeken fan Fryslan Frije tiid Leare & ûnderwiis
5 jannewaris 2023
Op dit stuit binne wy by útjouwerij Afûk dwaande mei de Fryske ferzje fan it boek 'Lampje' fan Annet Schaap. It boek kriget de titel 'Lampke' en sil nei alle gedachten yn de rin fan febrewaris ferskine. Yn de lêste wike fan de Krystfakânsje is ek de ferfilming fan it ferhaal yn trije dielen te sjen op NPO Zapp.

‘Lampje’ is in magysk ferhaal oer de 11-jierrige dochter fan de fjoertoerwachter. Alle dagen as it tsjuster wurdt, klimt se nei boppen ta om it ljocht yn de fjoertoer oan te stekken. Mar, op in stoarmeftige jûn giet alles mis. Dat is it begjin fan in aventoer wêryn’t Lampke sjen lit dat se mear kin as dat se ea tocht hie.

Hâld dizze webside, ús socials en/of nijsbrief yn ‘e gaten foar nijs oer it ferskinen fan de Fryske edysje fan ‘Lampje’!