Komsto ek op Tomkes jierdeifeestje?

Berneboeke-ambassadeur Frije tiid Leare & ûnderwiis
6 augustus 2021
Tomke is jierdei en dêrom jout hy sneon 18 septimber in feestje op it hiem fan de Muzykpleats yn Bûtenpost. In feestje mei taartsjes, ferhaaltsjes, muzyk en sjongen, spultsjes en in superleuke speurtocht. Tomke soe it geweldich fine asto komst!

Om safolle mooglik bern Tomke syn jierdei meifiere te litten, organisearje wy it feestje dy dei mar leafst trije kear. Alle feestjes hawwe itselde programma en se duorje alle kearen oardeloere. Sjoch foar mear ynformaasje en it bestellen fan tickets op www.paviljoenmem.nl. Mear witte oer Tomke? Sjoch dan op tomke.frl of folgje it mantsje fia Facebook of Instagram.