Kultuerprojekten sette Fryslân op de kaart yn Europa
Mei om’t beide projekten soargje dat it Frysk mear sichtber wurdt yn Europa en omdat it past by it provinsjale kultuerbelied, besleat it kolleezje fan provinsje Fryslân foar ien kear 330.000 euro ta te kennen oan beide projekten. Ut Europeeske kofinansiering wei ûntfange de projekten in totaal fan 2,6 miljoen euro.
Kultuer- en taaldeputearre Sietske Poepjes fynt de Europeeske subsydzjetakenning in boppeslach:
“It is geweldich dat Fryslân sa’n bedrach út Brussel wei krijt. It is in moaie ympuls foar ús Fryske kultuer, ús Fryske taal en ús streektalen.”
Phōnē
Phōnē is in trijejierrich projekt en bestiet út acht teäterselskippen en twa ûnderwiisynstellings. It doel is om minsken dy’t ta in taalminderheid hearre mei-inoar te ferbinen. Der wurde acht teäterproduksjes makke dy’t soargje moatte foar in ynternasjonaal netwurk foar teäter fan regionale-en minderheidstalen. It Fryske Tryater is yn it projekt Phōnē ferantwurdlik foar it projektmanagement. In part fan it wurk fan dit projekt wurdt dêrtroch yn Fryslân útfierd.
Ulysses
It ULYSSES European Odyssey-projekt duorret 2,5 jier en wurdt yn achttjin ferskate Europeeske stêden útfierd. Fia dit projekt wurde twa tentoanstellingen en in sympoasium yn Ljouwert organisearre. It projekt jout oan de hân fan it boek Ulysses fan James Joyce artistike antwurden op sosjale en kulturele tema’s. Brave New World Producties út Fryslân is as liedend partner by Ulysses belutsen.
Creative Europe
Creative Europe is in subsydzjeprogramma fan de Europeeske Kommisje om de ynternasjonale gearwurking yn de kulturele, kreative en audiofisuele sektor te befoarderjen en te stypjen. Creative Europa stiet bekend as ien fan de dreechste Europeeske programma’s om finansiering út te krijen.