Kursus Printeboek Meitsje mei Lida Dykstra
It skriuwen fan in printeboek liket makliker as it is. Want in printeboek hat net in soad tekst, mar elk wurd moat goed wêze, en dan ek noch op it goede plak stean. De taal moat orizjineel en ferrassend wêze, of miskien wol rymje. It tekenjen fan printeboeken is krekt likegoed in keunst mei in grutte K. Lykas by stripferhalen wurkje printeboektekeners mei in senario en in storyboard.
De folgjende aspekten fan it meitsjen fan in printeboek komme oan ’e oarder:
– Wat is de omfang fan in printeboek en hoe wurdt it yndield.
– Wa is de doelgroep en wat binne goede ûnderwerpen.
– Wêr moat in goed ferhaal/senario oan foldwaan.
– Wat betsjutte faktermen as storyboard, spread, steapelferhaal, twist en running gag.
– Ferskillende stilen om in printeboek te yllustrearjen en yn te dielen.
Les 4 oer tekenjen wurdt jûn troch yllustrator Natascha Stenvert, mei wa’t Dykstra ferskate printeboeken makke hat.
Doel fan dizze kursus is om fierder ynsjoch yn it medium printeboek te krijen en om dyn eigen kreative feardigens te ûntdekken en út te djipjen, en net sasear om in publikabel printeboek gear te stallen. (Mar 1% fan de skreaune boeken wurdt ek werklik publisearre.)
Tusken de byienkomsten troch wurkest thús fierder oan dyn eigen printeboek en de wurkopdrachten dy’tst yn de les meikrigest.
Ynformaasje:
Data: 7 maart, 21 maart, 4 april, 18 april, 2 maaie. Fan 19.30 oant 21.30 oere.
Doelgroep: elk dy’t it moai ta liket om sels in printeboek te skriuwen en in storyboard te tekenjen
Kosten: € 115,- (te beteljen nei opjefte, krigest in faktuer fan Tresoar)
Opjefte foar 28 febrewaris 2024 fia de website fan Tresoar.
Oer Lida Dykstra:
Lida Dykstra hat goed hûndert berneboeken skreaun yn it Frysk en Nederlânsk, mar der binne ek tal fan titels yn oare talen útkommen. Dykstra skriuwt foar alle leeftiden, fan printeboeken oant boeken foar begjinnende lêzers op AVI-nivo’s, fan lesmateriaal oant histoaryske jeugdromans. Se hat mear as tweintich printeboeken skreaun.