Fryslân hat syn eigen Berneboeke-ambassadeur! Skriuwster Lida Dykstra mei sûnt begjin 2020 as earste dy taak ferfolje. Sy komt ek graach by jim op skoalle del en it moaie is, sa’n besite is hielendal fergees.

Dochsto in berop op de BBA? Leuk! Lida komt by jim del, lêst foar, fertelt oer boeken, fersoarget gastlessen of workshops. Sy kin in sit nimme yn sjuerys en sil in tal lesbrieven by Fryske berneboeken meitsje.

Mear oer de Berneboeke-ambassadeur en oanmelden fynst hjir.