Foto: Jacob van Essen

Lêste gedicht Sigrid Kingma as Dichter fan Fryslân

Boeken fan Fryslan Frije tiid
25 oktober 2023
'Fannijs' is it lêste gedicht fan Sigrid Kingma as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

Sigrid Kingma: “Foar it lêste gedicht as Dichter fan Fryslân haw ik de besikers fan myn blog frege wêr’t it oer gean moast. It resint oplôge konflikt tusken Israël en Palestina wie fansels ûnûntkomber en oerskadet al it oare nijs. It makket ûnmachtich. It is faaks better om ris in skoft gjin nijs mear te lêzen, mar in goed boek te lêzen of sels wat moais te skriuwen.”

De Nederlânske oersetting troch Tsjerk Veenstra en de Ingelske oersetting fan Trevor Scarse binne werom te lêzen op de webside fan Dichter fan Fryslân.

Op tongersdei 16 novimber om 16:00 oere nimt Sigrid Kingma, bij de beneaming van de nije Dichter fan Fryslân, yn de Stadskas fan it Explore the North-festival yn Ljouwert offisjeel ôfskie as Dichter fan Fryslân. Elk is fan herte wolkom om dêrby te wêzen. Oanmelde kin fia de website fan Dichter fan Fryslân.