LIT-UP: in nij Europeesk projekt foar de promoasje fan literatuer yn minderheidstalen
“It projekt rjochtet har op útjouwerijen, skriuwers en boekpromoasje-organisaasjes en stimulearret gearwurking, kennis- útwikseling en profesjonalisearring tusken de dielnimmende regio’s en de ferskillende beropsgroepen.” fertelt Mirjam Vellinga.
“Konkreet wurde der troch de ferskillende partners workshops en trainingen organisearre, bygelyks op it mêd fan boekpromoasje, bûtenlânske rjochten en it bouwen fan in netwurk. Dêrneist wurde der literêre eveneminten organisearre om alle partijen mei-inoar yn kontakt te bringen en om sjen te litten wat literatuer yn lytse talen allegear te bieden hat. Sa kinne wy in soad faninoar leare!”
It projekt, dat rinne sil oant begjin 2025, sit no noch yn de opstartfaze. Doel is om de earste workshops dit neijier te hâlden yn Valencia tidens it Placa del Llibre-boekfestival.