Omtinken foar Fryske taal en kultuer yn 3e edysje ‘Stap de Rode Loper!’

Berneboeke-ambassadeur Boeken fan Fryslan Leare & ûnderwiis
15 novimber 2023
Nei twa suksefolle eardere edysjes, komt it lanlike taal- en lêsprojekt 'Stap op de Rode Loper!' dit jier wer nei Ljouwert. Op moandei 20 novimber binne likernôch 1.000 Fryske vmbo'ers en harren dosinten de VIP's yn in unyk literêr-kultureel aventoer. Der falt fan alles te sjen en te belibjen: der komme dichters, rappers, ferhalefertellers, auteurs, Spoken Word-artysten en teätermakkers nei Ljouwert ta foar it evenemint. By de 12 wichtichste kulturele ynstellinen fan Ljouwert steane yn totaal 100 aktiviteiten programmearre. Ek de Afûk set de doar iepen foar de vmbo'ers. Us winkel is dêrom moandei 20 novimber oant 14:30 oere ticht.

Stap op de Rode Loper! is spesjaal ûntwikkele foar vmbo’ers út de boppebou. Sa’n 900 Fryske learlingen sille in literêr-kultureel aventoer belibje. Sy sille dichtsje, rappe, teäterfoarstellings besykje en geane yn petear mei populêre auteurs. De vmbo’ers leare troch ynspirearjende workshops de kulturele ynstellingen – én de kulturele wrâld – kenne.

Fan ‘t jier besteget ‘Stap op de Rode Loper!’ ekstra omtinken oan de Fryske taal en kultuer. Sa sil Tialda Hoogeveen – Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân – mei learlingen yn petear oer har boeken. Marten Winters lit learlingen de Fryske taal yn de iepenbiere romte ûntdekke en mei Patrick Hassenpflug meitsje se raps oer de Fryske identiteit. Tryater lit learlingen spylje mei de Fryske taal en de musea fersoargje ynspirearjende workshops midden yn harren kolleksjes.

Wêrom ‘Stap op de Rode Loper!’
Mei lêzen ûntwikkelje je feardichheden dy‘t ûnmisber binne om folweardich oan de maatskippij diel te nimmen. De Underwiisynspeksje kaam mei de konklúzje dat de lêsfeardigens ûnder jongerein, benammen vmbo’ers, hieltyd minder wurdt. Stap op de Rode Loper! lit learlingen lêze. Dat it projekt foarsjocht yn in ferlet, flykt wol út de tanommen belangstelling foar boeken en lêzen nei ôfrin fan de dei, benammen de boeken fan de skriuwers dy’t de learlingen moete hawwe dy dei. ‘Stap op de Rode Loper!’ lit learlingen op in ynspirearjende dei yn ‘e kunde komme mei letteren, lêzen en (Fryske) taal. Alle aktiviteiten steane programmearre yn kulturele ynstellings, de learlingen komme dêrmei ek yn ‘e kunde mei in foar harren faak ûnbekende kulturele wrâld.

Lokaasjes
Stadsschouwburg de Harmonie, Fries Museum, Fries Verzetsmuseum, Slieker Film, Neushoorn, Natuurmuseum Fryslân, dbieb Leeuwarden, Tresoar, Afûk, Keramiekmuseum Princessehof, Tryater & Meeuw JTS.

Sjoch ek: stapopderodeloper.nl.

Foto: Afûk, Elisabeth Abels