Ilja Leonard Pfeijffer, Boekenweek 2022 © Keke Keukelaar

Literêre jûn Boeken fan Fryslân mei Ilja Leonard Pfeijffer – Save the date!

Boeken fan Fryslan Frije tiid
26 novimber 2021
Op sneon 16 april, de twadde sneon fan de Nationale Boekenweek 2022, organisearret Boeken fan Fryslân in literêre jûn mei de skriuwer fan it nasjonale Boekenweekgeschenk 2022: Ilja Leonard Pfeijffer. Lykas foargeande jierren ferkskynt yn gearwurking mei Boeken fan Fryslân ek wer in Fryske edysje fan it Boekenweekgeschenk. Tidens dizze jûn wurde sawol de skriuwer fan it Boekenweekgeschenk én haadgast Ilja Leonard Pfeijffer, as de oersetter, Jetske Bilker, ynterviewd.

De Nasjonale Boekewike 2022 fynt plak fan sneon 9 oant en mei snein 18 april en hat as tema ‘Earste leafde’. Ilja Leonard Pfeijffer skriuwt it Boekenweekgeschenk en Marieke Lucas Rijneveld nimt it Boekenweekessay foar har rekken. Yn de Boekewike krigest it Boekenweekgeschenk – yn it Nederlânsk óf it Frysk – fergees by besteging fan €15,00 of mear.

De literêre jûn mei Ilja Leonard Pfeijffer en Jetske Bilker fynt plak yn de Westerkerk yn Ljouwert. Ynrin 19:30 oere, tagong €6,50 (eksklusyf service- en transaksjekosten).

Sjoch foar mear ynformaasje en kaarten op: www.boekenfanfryslan.frl.