Literêre jûn mei Lize Spit
Spit wûn yn 2016 de Bronzen Uil foar it bêste Nederlânsktalige debút foar har boek ‘Het smelt’. Foar datselde boek ûntfong sy ek de earste Hebban Debuutpriis. Ein 2020 ferskynde har twadde roman ‘Ik ben er niet bij’.
Yn opdracht fan Boeken fan Fryslân makke Elske Schotanus de Fryske oersetting fan it nasjonale Boekenweekgeschenk dy’t yn de nasjonale Boekewike fan 11 oant 19 maart fergees te krijen is by oanskaf fan op syn minst €15,00 oan boeken. It tema fan de nationale Boekenweek is: ‘Ik ben alles’.
Mear ynformaasje oer it programma fan de jûn, tickets en reservearjen folget. Mear ynformaasje oer de projekten en aktiviteiten fan Boeken fan Fryslân sjoch: https://boekenfanfryslan.nl/.