Literêre jûnen yn maart

Boeken fan Fryslan Frije tiid
17 febrewaris 2020
Alle literêre programma's binne foarearst ANNULEARRE. Nije data wurde letter fia dizze webside en social media kanalen bekend makke. Oer de maatregels dy't de Afûk fierder nimt yn ferbân mei de korona-krisis kinst hjir mear lêze.

Fan 7 oant en mei 15 maart 2020 is it Boekewike. Foar Boeken fan Fryslân alle reden foar de organisaasje fan in tal literêre programma’s. Op sneon 7 maart wurdt de Boekewike yn Fryslân yn Ljouwert ôftrape mei in literêre jûn om it Boekewikegeskink hinne. Spesjale gast is bestsellerauteur en skriuwer fan it nasjonale Boekewikegeskink Annejet van der Zijl. Fan 8 oant en mei 19 maart wurde op ferskate plakken yn Fryslân programma’s fersoarge troch skriuwer en muzikant Bennie Huisman, skriuwster Baukje Zijlstra en skriuwer/byldzjend keunstner Sytse Jansma en de dichters Anne Feddema, Martin Reints en Edwin de Groot. Sjoch foar mear ynformaasje oer de programma’s, data, lokaasje en tiden hjirûnder.

7 maart 2020  – literêre jûn mei Annejet van der Zijl, Baukje Zijlstra en WIEBE
Op sneon 7 maart wurdt de Boekewike yn Fryslân ôftrape mei in literêre jûn om it Boekewikegeskink hinne. Bestsellerauteur en skriuwer fan it nasjonale Boekewikegeskink Annejet van der Zijl is de spesjale gast. Oanlieding foar har komst is lykwols net allinne de start fan de Boekewike mar foaral ek it ferskinen fan de Fryske oersetting fan ‘har’ Boekewikegeskink Leon & Juliette. Njonken Van der Zijl is dêrom ek oersetter Baukje Zijlstra ien fan de haadgasten.

Direkteur fan it Historisch Centrum Leeuwarden en literatuerleafhawwer Geart de Vries giet wiidweidich mei Van der Zijl en Zijlstra yn petear. Ek sille skriuwer en oersetter fragminten út it geskink foarlêze en is der romte foar fragen út it publyk. De band WIEBE soarget foar de muzikale yntermezzo’s en in ôfslutend optreden. Boeken fan Fryslân en Boekhandel Van der Velde binne der mei boekeferkeap.

Sneon 7 maart – Dansschool Saco Velt, Sacramentsstraat 19, Ljouwert – oanfang 21.00 oere – seal iepen 20.30 oere – kaarten à € 10,00 (ynkl. 3 drankjes) yn de foarferkeap by boekhandel Van der Velde Ljouwert, yn de winkel en webshop fan de Afûk en op de jûns sels oan de doar. Fol is fol. Download flyer literêre jûn 7 maart 2020.

8, 13 en 19 maart – Baukje Zijlstra en Sytse Jansma: Grinsgongers
Hoe floeiber kinne taal en tinken wêze? Twa skriuwers dy’t wurkje yn in meartalige werklikheid sykje de grinzen op fan harren libbens- en tinkwrâld en de rol dy’t taal dêryn spilet. Tusken Ljouwert en Amsterdam, tusken Bogiakumu en Jakarta, tusken Charleston en Monster lizze wrâlden fan ferskil en oerienkomst. Sljochtet taal grinzen, of smyt taal just grinzen op? En wat docht it mei dyn wêzen asto in grinsgonger bist yn dyn eigen libben?

Sytse Jansma is skriuwer en byldzjend keunstner. Hy hat twa dichtbondels en in printeboek útbrocht. Yn 2018 is er nei it International Kistrech Poetry Festival yn Kenia ôfreizge. Syn ûnderfiningen hat er ferwurke yn in rige ‘Kenia-Kozelek’ ferhalen. Jansma siket yn syn wurk faak ferbiningen mei oare keunstfoarmen. Fierder kaam yn 2018 syn animaasjefilm Woesj út op it Noardlik Filmfestival. Op dit stuit wurket er oan syn tredde dichtbondel.

Baukje Zijlstra is skriuwer en redakteur. Se hat ferhalen publisearre yn ûnder oaren Ensafh en Revisor. Ek hat se ferskate prizen wûn foar sawol Fryske as Nederlânske ferhalen, wêrûnder trije kear in Rely Jorritsmapriis en yn 2019 de D.A. Tammingapriis foar it bêste Fryske proazadebút fan de fiif foarôfgeande jierren, foar har roman De koma-korrektor. Ein 2019 hat se Leon & Juliette, it boekewikegeskink foar 2020 fan Annejet van der Zijl, yn it Frysk oerset.

Snein 8 maart – Het Brouwdok yn Harns – oanfang 15.00 oere – tagong fergees.
Freed 13 maart – OBE Ljouwert – oanfang 20.00 oere – tagong fergees.
Tongersdei 19 maart – dbieb yn Burgum – oanfang 20.00 oere – tagong fergees.
Alle jûnen boekeferkeap troch Boeken fan Fryslân. Download flyer Grinsgongers.

8, 11 en 13 maart – Bennie Huisman mei syn nije foarstelling ‘Thús’
De foarstelling ‘Thús’ giet oer Huismans lêste roman Sanfirdo. De roman spilet him ôf yn Fryslân en is in ferfolchferhaal op de novelle Sânfurd út 1999.  Yn de roman folget de skriuwer de personaazjes Liuwe en Elize oer in tiidrek fan 25 jier yn it belibjen fan leafdes, yn it sykjen nei in plak op de wrâld en yn it sykjen nei in “thús”. Oer dy tema’s, oer de roman sels, oer de fragen én de mooglike antwurden dêrop mar benammen it sykjen giet dizze foarstelling.

Snein 8 maart – Podium Gorter Balk –  oanfang 15.30 oere – tagong fergees.
Woansdei 11 maart – Café De Treemter Grou – GIET NET TROCH
Freed 13 maart – Muzykpleats Bûtenpost mei bierpriuwerij fan Tsjerkebier út Easterwierrum – oanfang 20.00 oere – tagong fergees.
Alle jûnen boekeferkeap troch Boeken fan Fryslân. Download flyer ‘Thús’.

12, 14 en 15 maart – Anne Feddema, Martin Reints en Edwin de Groot: Poëdidos – Poëzie en (Ban) didos
In programma foar freonen en troch freonen mei foardrachten en muzyk.

Anne Feddema werd geboren op 24 september 1961 in Leeuwarden. Zijn vader had een kapperszaak aan het Cambuursterpad. Anne Feddema is een veelzijdig kunstenaar. Hij is actief als dichter, schrijver van columns, schilder, muzikant en performer. ‘Door met meer disciplines bezig te zijn, blijf ik in beweging en in dialoog,’ zei Feddema daar zelf over in een interview met Gerbrich van der Meer. Al schrijft Anne Feddema zijn (radio-)columns in het Leeuwarders, dichten doet hij in het Fries. Zijn eerste gedichten verschenen in 1990 in de Friese literaire tijdschriften Hjir en Trotwaer, later publiceerde hij ook in het internettijdschrift Kistwurk. In 1998 en 1999 droeg hij als Fries dichter zijn verzen voor tijdens Poetry International te Rotterdam.

Martin Reints werd in 1950 te Amsterdam geboren, waar hij ook Nederlands studeerde.  Sinds 1970 publiceert Martin Reints gedichten in literaire tijdschriften. Zijn tweede bundel Lichaam en ziel uit 1992 werd bekroond met de Herman-Gorter-Prijs. Voor de essaybundel Nacht- en dagwerk uit 1998 kreeg hij de J.Greshoff-Prijs. Tegenwoordig is Martin Reints woonachtig in het Friese Brantgum nabij Dokkum. Hij was een van de genomineerden voor de VSB Poëzieprijs 2000 en opnieuw voor de VSB Poëzieprijs 2006 met  zijn nieuwste bundel Ballade van de winstwaarschuwing.

Edwin de Groot (1963) wûn al meardere kearen in Rely Jorritsmapriis foar syn poëzy. Earder publisearre hy de dichtbondels Ik skip (2009), Tongfal (2010) en de twatalige bondel In hazze is in lokkich bern / Een hass is een gelukkig kind (2013). De Groot skriuwt net allinnich yn it Frysk, hy publisearret ek gedichten yn Nederlânske en Flaamske literêre tydskriften.

Yn 2016 folge Sels in Tibetaan belânet op it lêst yn see, in hommaazje oan twa rigels fan de Poalske dichteres Wislawa Szymborska:

Je bent – je moet voorbijgaan.
Je gaat voorbij – en alles is oké.

Tongersdei 12 maart – Snackbar de Jong, Beetstersweach – oanfang 20.00 oere – tagong fergees.
Sneon 14 maart – Boekhannel Van der Velde Ljouwert – oanfang 15.00 oere – tagong fergees.
Sneon 14 maart – PERDU yn Amsterdam – oanfang 20.30 oere – tagong fergees.
Snein 15 maart – Café De Bak, dbieb Ljouwert – oanfang 14.30 oere – tagong fergees.
Alle jûnen boekeferkeap troch Boeken fan Fryslân. Download flyer Poëdidos – Poëzie en (Ban) didos.