Foto: Jacob van Essen

Literêre projeksjes

Boeken fan Fryslan Frije tiid
4 juny 2020
Sûnt it begjin fan de lockdown ferskynt der alle jûnen by it ynfallen fan it tsjuster earne yn Ljouwert in tekst op in gebou. Leeuwarden UNESCO City of Literature helpt de makkers sûnt koart op lytse skaal troch sitaten fan Fryske dichters oan te leverjen.

Teätermakker Karina Kroft en technysk ûntwerper Remko Smids feroarje hieltyd in oare keale muorre foar even yn in keunstwurk. De foto’s makke troch Jacob van Essen, wurde noch deselde jûn mei #leeuwardenprojections dield op sosjale media en op harren webside.

Karina Kroft is teätermakker mei in niget oan lokaasjeteater. Se makket repertoirestikken tagonklik foar in breed publyk en lit de lestigere ûnderwerpen net lizze. Remko Smids wurket as technysk ûntwerper en leit him ta op fideoprojeksje en op ynventive manieren om dy yn te setten.