Yllustraasje: Afûk

Ljouwert beneamd ta UNESCO City of Literature

Boeken fan Fryslan Oer it Frysk
31 oktober 2019
Ljouwert is útroppen ta UNESCO City of Literature. UNESCO hat dat juster bekendmakke. Mei dy titel makket Ljouwert offisjeel diel út fan in wrâldwiid netwurk fan literatuerstêden. “De titel is in erkenning foar ús taal, literatuer en de meartalichheid fan Fryslân”, sa seit saaklik lieder Ernst Bruinsma.

Ljouwert hat de titel krigen op basis fan de sterke situaasje dêr’t de stêd yn sit, it takennen fan UNESCO City of Literature jout de mooglikheid om dy foar de takomst fierder út te bouwen. Bygelyks om talint dat der no omrint mear romte te jaan.

Fan jannewaris 2020 ôf wurdt City of Literature Ljouwert operasjoneel. Projekten en gearwurkingen sille fan dat momint ôf opsetten wurde. Yn de twadde helte fan 2020 sil dat ek sichtber wurde foar it publyk.

De organisaasje fan City of Literature Ljouwert wurdt foarme troch Ernst Bruinsma fan de Afûk as saaklik lieder en Marleen Nagtegaal fan Explore the North as artistyk lieder. De Afûk sil ek pinfierder wêze.