Lútsen Bakker, winner fan It Grut Frysk Diktee 2022 © Peter de Jong fotografie

Lútsen Bakker út Grins wint It Grut Frysk Diktee

Frije tiid Oer it Frysk
19 maaie 2022
It Grut Frysk Diktee 2022 is wûn troch Lútsen Bakker fan Grins. Hy hie mar in heale flater yn syn diktee en fertsjinne as priiswinner dêrmei it Gouden Dakje. It wie in spannende striid en it ferskil tusken de winner en de oaren wie hiel lyts: de nûmers 2 en 3 hiene elk mar ien flater. Bakker is in soad dwaande mei it Frysk, fertelde er nei ôfrin. "Ik lês in protte Frysk en ik sjoch alle dagen wolris yn in wurdboek, want ik wol it altyd witte."

Aldelju
Dat jilde ek foar de iene heale flater dy’t er makke hie: Bakker hie âldelju as twa wurden skreaun.
De winner spruts ek noch in winsk út: “Ik hoopje dat alle Friezen sa goed wurde.”

Studinten winne fan politisy en direkteuren
Der dienen fan ‘t jier ek seis teams fan elk seis minsken mei: in team mei bekende Friezen, ien mei politisy, in ploech fan Friezen om utens, in groep Freonen fan Omrop Fryslân, in team fan studinten en ien fan direkteuren, mei ûnder oare Nelleke IJssennagger fan ‘e Fryske Akademy. Dy teams strieden tsjininoar. It bêste team wie dat fan ‘e studinten.

De resultaten fan ‘e teamleden wiene wikseljend. Der wiene guon by dy’t fjouwer, fiif of seis flaters hiene, mar ek guon dy’t dúdlik net wend wiene om yn it Frysk te skriuwen. Utsjitters wiene 92 en 107 flaters.

Sjuery
De sjuery bestie út Nienke Jet de Vries (Provinsje Fryslân), Eelke Goodijk (Cedin) en Akademymeiwurker Hindrik Sijens (foarsitter).

Download hjir de tekst fan it Grut Frysk Diktee 2022.