Foto: Istock

Mear Frysk en mear froulju op Wikipedia troch Europeesk projekt

Leare & ûnderwiis Oer it Frysk
8 maart 2022
De Fryske ûnderwiisorganisaasje en útjouwerij Afûk, Learning Hub Friesland en it Mercator Europeesk Kennissintrum fan de Fryske Akademy hawwe in Europeeske subsydzje krigen foar it trijejierrich projekt 'WikiWomen'. Yn gearwurking mei middelbere skoallen en Wikipedia-organisaasjes út Baskelân (Spanje) en Ierlân sette de Fryske kennispartners harren de kommende trije jier yn om Wikipedia yn Europeeske minderheidstalegebieten te brûken as in middel om digitale geletterdheid, sosjale belutsenens en taalfeardigens te ûnderwizen. De subsydzje komt út it ErasmusPlus-programma fan de Europeeske Kommisje, bedoeld foar projekten op it mêd fan ûnderwiis, oplieding, jongereinsaken en sport.

“Wat wy eins wol witte, mar wêr’t wy no op ‘e nij wer achterkamen, is dat artikels dy’t in relaasje hawwe ta froulju op Wikipedia ûndersnije,” sa seit Mirjam Vellinga, koördinator fan it projekt by de Afûk. “Der wurdt folle minder skreaun oer froulju, om’t de artikels dy’t skreaun wurde op Wikipedia dochs benammen troch manlju skreaun wurde en ek hiel faak oer manlju gean. Dat docht ek bliken út in ûndersyk fan de Erasmus Universiteit. Mar 18,5 prosint fan de biografyen op de Nederlânske Wiki giet oer froulju. Dêr wolle wy de learlingen en dosinten ek bewust fan meitsje.”

By it projekt sille de Fryske partners gearwurkje mei Wikipedia-organisaasjes en skoallen út Ierlân en Baskelân, dêr’t ek in minderheidstaal sprutsen wurdt. “Dus it giet eins om twa emansipaasjeslaggen: de emansipaasje fan de minderheidstaal en de emansipaasje fan de frou,” fettet Vellinga gear.

Dat it projekt yn trije ferskillende lannen útfierd wurdt, biedt moaie kânsen foar Fryske learlingen en dosinten. Ut de trije regio’s wei komme learlingen en dosinten meielkoar yn kontakt troch ferskillende útwikselingen yn ’e rin fan it projekt. Mirjam Vellinga: “Foar learlingen wurde dat in soarte fan ‘Wikithons’, wêrby’t se mei-inoar wurkje oan harren artikels ûnder begelieding fan dosinten en de minsken fan Wikipedia.”

Yn maart komme de bûtenlânske partners nei Ljouwert foar in twadeiske byienkomst. De fokus leit dan benammen op it dielen fan kennis en ûnderfining, mar ek op de earste stappen dy’t it ynternasjonale konsortium de kommende moannen sette kinne soe.