Foto: Afûk

Mear oandacht foar it Frysk

Boeken fan Fryslan Frije tiid Leare & ûnderwiis Oer it Frysk Op it wurk
27 april 2022
De promoasje fan it Frysk giet as ôfpraat. Dy konklúzje kin lutsen wurde út it tuskenrapport dat it ministearje fan Ynlânske Saken en de provinsje Fryslân opsteld hawwe oer harren Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK). Dêryn hawwe se foar in perioade fan fiif jier ôfspraken makke oer hoe't se it Frysk beskermje en befoarderje wolle. Der binne stappen nommen, benammen yn it Frysk ûnderwiis en op it mêd fan sichtberens fan de taal.

De provinsje Fryslân en it Ryk stribjen mei harren ôfspraken ûnder oare nei in gruttere sichtberens fan it Frysk. Juster hawwe minister Hanke Bruins Slot en deputearre Sietske Poepjes dêr in sichtberensakkoart oer tekene. Dêr stiet bygelyks yn hoe’t se it gebrûk fan it Frysk yn en op ryksgebouwen en yn de rykskommunikaasje fergrutsje wolle.

It fersterkjen fan it Frysk yn it ûnderwiis is in wichtige ambysje yn it BFTK. Dêrom wurket it Taalplan Frysk 2030 oan in folslein oanbod fan materiaal en begelieding troch in ‘skoalstiper’, dy’t skoallen begeliedt by it fersterkjen fan it oanbod fan it Frysk.

Ferline jier is begûn mei in mjitting nei de steat fan it Frysk yn it basis- en fuortset ûnderwiis. Guon fan de skoallen krigen ferline jier al besikers. De rest folget dit jier. De mjitting sil ein 2022 klear wêze. De gegevens meitsje dúdlik wêr’t skoallen stipe nedich hawwe om it Frysk op in heger nivo te bringen en dêr te hâlden. Bygelyks troch de oanskaf fan in nije lesmetoade Frysk of de oanskaf fan oanfoljend materiaal.

Njonken dizze oandachtsgebieten ûndersiket it BFTK ek it Frysk yn bygelyks de media, yn kulturele útdrukkingen en it ekonomysk en maatskiplik libben. Yn 2023 wolle de provinsje en it Ryk harren ôfspraken realisearre hawwe.

Download it rapport hjir.