Foto: Praat mar Frysk

Mei boeketten Fryske en Biltske buordsjes omtinken foar bioferskaat

Berneboeke-ambassadeur Frije tiid Leare & ûnderwiis Oer it Frysk Op it wurk
3 augustus 2020
De gemeente Waadhoeke, Praat mar Frysk en Silence of the Bees hawwe yn de nacht fan 28 op 29 july twa boeketten Fryske en Bildtske krûdenammen pleatst yn Frjentsjer en yn Sint Anne. Mei de ferrassingsaksje wolle de trije organisaasjes sjen litte hokke krûden se hoopje dat der groeie sille mei it oanpaste meanbelied. Wethâlder Jan Dijkstra: “It soe moai wêze as de ynwenners nei oanlieding fan dy buordsjes ris googleje en mei inoar yn petear geane.”

De nammen op de buordsjes binne bewust yn it Frysk en it Biltsk. Se ferbine dêrmei it taalferskaat yn Waadhoeke oan bioferskaat. Der sitte prachtige nammen by. Witte jo wat ‘Blauwe skoentsys’ of ‘Ingelwuttel’ (beide Bildtske nammen) foar planten binne? Of hawwe jo in byld by de Fryske nammen ‘Juffer Lizeblom’ of ‘Fûgelwikke’? It binne noch mar fjouwer fan de santjin Fryske en santjin Biltske blomme- en krûdenammen dy’t yn de twa ‘buordsjeboeketten’ opnommen binne.

It meanbelied yn Waadhoeke is sûnt ferline jier ûnderwerp fan petear. De gemeente is doe begûn mei it omfoarmjen nei ekologysk behear fan de bermen. Ien fan de redenen dat de gemeente dat docht is ek it bijepakt fan Silence of the Bees dat de gemeente yn 2019 ûndertekene.

De minsken fan Praat mar Frysk pleatsten al ris earder nachts buordsjes yn Droegeham en Terherne om omtinken te freegjen foar it Frysk yn de publike romte. Op dy buordsjes stienen doe teksten as ‘Dit is in moai plakjom te tútsjen’. De buordsjes yn Frjentsjer en Sint Anne binne bedoeld om benammen it petear oer bioferskaat op gong te helpen.

Lês hjir it parseberjocht yn it Biltsk: 2020 08 03 PERSEBERICHT Met boeketten Frise en Bildtse bordsys omdinken foor biofariasy.