Mei Keimpe de Krokodil op syk nei greidefûgels
Keimpe de Krokodil
Keimpe belibbet syn aventoeren yn it Frysk. Hy is gek op lêzen, want troch te lêzen kinst de moaiste aventoeren belibje en alderlei dingen ûntdekke. It ferhaaltsje oer Keimpe is yn it Frysk. De ynformaasje om it ferhaal hinne én de sykplaat yn it boekje en achter op de placemat binne meartalich en soargje derfoar dat it pakketsje ynteressant is foar elkenien dy’t yn Fryslân wennet, mar ek foar elkenien dy’t yn Fryslân op besite is.
Fergees pakketsjes
Der binne fergees pakketsjes makke mei de boekjes ‘Keimpe de Krokodil – Fûgelsop’ en de placemats mei dêrop ynformaasje oer de fûgels, spultsjes, puzels, in stripferhaal en achterop de grutte sykplaat oer greidefûgels. De pakketsjes wurde ferstjoerd nei mear as 120 hoareka- en toeristyske bedriuwen yn nasjonaal park Lauwersmeer, nasjonaal park De Alde Feanen, nasjonaal park Drents-Friese Wold en nasjonaal lânskip De Noardlike Fryske Wâlden. Dy belutsen partners fan IVN sille it materiaal dit seizoen noch útdiele oan (jonge) gasten/dielnimmers. Sa kinne sy op in boartlike wize kennis meitsje mei de Fryske taal en leare oer greidefûgels en harren leefomjouwing.
Bestelle
Ek oare bedriuwen kinne op eigen kosten de pakketsjes hjir bestelle. As sy by it fjild ‘opmerkingen’ oanjouwe dat se belangstelling hawwe foar eksimplaren fan ‘Keimpe de Krokodil – Fûgelsop’, nimme wy sa gau mooglik kontakt mei harren op.