Meindert Talma – foto: Reyer Boxem

Meindert Talma skriuwt Kadoboek foar Fryske Boekewike 2024

Boeken fan Fryslan Frije tiid
14 febrewaris 2024
Meindert Talma (It Surhústerfean, 1968) skriuwt it Frysk Kadoboek 2024. Talma: “It wurdt in autobiografyske, tragykomyske novelle, dy’t him foar it grutste part ôfspilet yn Fryslân. En it kriget in frij dramatysk ein.” It Kadoboek wurdt presintearre op freed 1 novimber 2024 by de ôftraap fan it Frysk Boekefeest en is dêrnei de hiele Boekewike, fan sneon 2 novimber o/m snein 10 novimber, fergees te krijen by oankeap fan in Frysk boek.

Meindert Talma debutearre yn 1999 mei de autobiografyske roman ‘Dammen met ome Hajo’, dy’t yn 2022 by útjouwerij Regaad yn it Frysk ferskynde. Twa jier nei syn debút brocht er tegearre mei Nyk de Vries in samling fraachpetearen út ûnder de titel ‘De Blauwe Fedde yn petear’. Yn 2003 ferskynde fan him de roman ‘Kriebelvisje’. Dêrop folgen de dichtbondel ‘Laat het orgel jammeren’ (2011) en de romans mei muzykalbums ‘Kelderkoorts’ (2013), ‘Je denkt dat het komt’ (2017) en ‘Gezinsverbijstering’ (septimber 2024).

Meindert Talma: “Doe’t ik belle waard mei de fraach oft ik it Kadoboek 2024 skriuwe woe, tocht ik: o nee!, want ik wie krekt dwaande mei it dien meitsjen fan myn nije boek. Mar ik ha in soad nocht oan it skriuwen fan it Kadoboek. It wurdt in autobiografyske, tragykomyske novelle, dy’t him foar it grutste part ôfspilet yn Fryslân. En it kriget in frij dramatysk ein.”

Fryske Boekewike yn novimber 2024
It Kadoboek wurdt presintearre op freed 1 novimber by de ôftraap fan it Frysk Boekefeest. It Kadoboek is dêrnei de hiele Boekewike, fan sneon 2 novimber o/m snein 10 novimber 2024, fergees te krijen by oankeap fan in Frysk boek. It Kadoboek fan 2024 wurdt útjûn yn gearwurking mei útjouwerij Regaad.

Yn 2023 skreau Anita Terpstra it Kadoboek ‘Hiltje yn Pella’. Dêrfan gienen der yn de Fryske Boekewike mar leafst 2.000 eksimplaren oer de toanbank yn boekhannels rûnom yn Fryslân, en besitters koenen mei it Kadoboek fergees mei de bussen en treinen fan Arriva reizgje.

It Kadoboek is in inisjatyf fan Boeken fan Fryslân.